Mp3-spilers kinne te lûd

Mp3-spilers en telefoans mei muzyk derop binne net feilich en kinne skea jaan oan de earen. Ut ûndersyk fan de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit docht bliken dat acht op de tsien meastbrûkte muzykspilers net foldocht oan Europeeske easken.
Sûnt jannewaris meie de tastellen net lûder kinne as 85 desibel. De measte ûndersochte eksimplaren hiene gjin maksimumlûdsnivo, gjin automatyske folumebegrinzer en gjin warskôging by heech folume.
De Voedsel- en Warenautoriteit freget fabrikanten no om de apparaten oan te passen. As sy dat net dogge, folgje boetes of wurde de produkten út de hannel helle.