Boele Staal: draachflak nedich

29 nov 2013 - 13:05

It stichtingsbestjoer fan SC Hearrenfean moat alles dwaan om draachflak by de ûndernimmingsried te krijen. Dat seit foarsitter Boele Staal fan de ried fan kommissarissen. Soarchfâldigens is wichtiger as hastich in nij bestjoer foarmje. Staal hopet dat beide partijen yn oerlis der mei-inoar út komme.

De ûndernimmingsried hat in negatyf oardiel jûn oer de sân minsken dy't it nije bestjoer fan de klup foarmje soene. Staal snapt dat de UR kritysk is. Hy tinkt dat soks ek te krijen hat mei de perioade dat Robert Veenstra de baas wie.

Doe hie de ûndernimmingsried neat te sizzen en dat wol it personiel net wer. Staal ferwachtet ein takom wike mear dúdlikens by SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)