Sûnste kantines skoallen

29 nov 2013 - 12:44
  • Sûne kantine seefeartskoalle
  • Learlingen fan de seefeartskoalle
  • Wraps yn plak fan patat yn de sûne kantine fan de Maritime Akademy yn Harns
  • Underskieding sûnste skoalkantine

Twa fan de sûnste skoalkantines yn Nederlân binne te finen yn ien en deselde stêd yn Fryslân: de Maritime Akademy en skoallemienskip Simon Vestdijk yn Harns krigen dêr in priis foar. By beide skoallen falt hast alle iten ûnder 'natuerlike foedingsmiddels'.

By de seefeartskoalle wenje de measte learlingen yntern. By de lunsj en by it jûnsiten kinne de learlingen altiten kieze út ferskate soarten griente of raukost. De skoalle hat ek in menukommisje. Learlingen prate mei oer it menu fan de kommende wike.

De skoalle hat noch wol twa snackautomaten op in 'ûngesellich plak'. Se stean net yn it restaurant fan de skoalle. Dy automaten meie foarearst bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)