Sipels troffen toch sykte

29 nov 2013 - 12:36

Sipelboeren hawwe lêst fan de sykte koprot. Dy hat benammen yn Noard-Nederlân de kop opstutsen. Fan guon partijen sipels is de helte ferrotte. De troffen partijen wurde dan foar boaiemprizen ferkocht, en dat betsjut omsetferlies. In soad bedriuwen binne benaud foar imagoskea fan de Nederlânske sipel dy't oer de hiel de wrâld eksportearre wurdt.

It is net dúdlik werom't koprot krekt yn it Noarden bot taslacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)