Boadskiptassen fol koper

Koper © Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is tongersdeitejûn in 40-jierrige koperdief pakt op de Nije Skrâns. In plysje-yn-boarger seach dat de man dêr ûnder it stek fan in sloopterrein trochkrûpte. De man hie twa boadskiptassen fol koper by him. Yn in rêchsek hie er ark om it koper te stellen.
De plysje-yn-boarger warskôge syn kollega's dy't tsjinst hiene. Dy hawwe de man en it guod meinaam nei it plysjeburo. De fertochte hat gjin fêst wen- of ferbliuwplak.