Rêst by Alvestêdeferiening

28 nov 2013 - 23:09

Jan Oostenbrug bliuwt dit seizoen noch gewoan ferbûn oan de Alvestêdeferiening. Dat liet foarsitter Wiebe Wieling tongersdei by de gearkomste foar rayonhaden witte. Neffens him hat der nea sprake fan west dat Oostenbrug fuort moast fanwege syn dûbelfunksje by de Alvestêdeferiening en it Frysk iisbûn.

Wol moat der neffens Wieling sa gau as mooglik sjoen wurde nei hoe't der it bêste omgien wurde kin mei de dûbelfunksje. It gefaar bestiet nammentlik dat útspraken fan immen mei sa'n dûbele pet ferkeard ynterpretearre wurde kinne.

Wieling wol noch foar de ledegearkomste yn desimber mei it iisbûn om tafel om dêroer te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)