Achtste ferlies foar Aris

28 nov 2013 - 22:16
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris binne tongersdei tsjin har achtste ferlies op rige oanrûn. Yn sporthal It Kealledykje gongen de Ljouwerters mei 94-78 ûnterút tsjin Leiden. De Leidenaren makken it ferskil pas yn it lêste kwart. Lang gongen beide ploegen lykop. Nei it earste kwart stie der in 21-21 tuskenstân op it boerd. By rêst wie der in lytse foarsprong foar Aris: 45-43.

Nei it skoft wist Aris sels út te rinnen nei 59-52. Dêrnei kaam Leiden werom en rûn it fan 66-65 by it tredde kwart út nei in flattearre oerwinning.

De ploech fan trainer Ed Molthoff stiet troch it ferlies noch altyd op in earmoedige 6 punten út 12 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)