Minne Modderman riddere

Underskieding © ANP
Minne Modderman út Jonkerslân hat tongersdeitejûn in Keninklike ûnderskieding krigen: hy is beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. De 65-jierrige Modderman krige de ûnderskieding yn it Abe Lenstra Stadion opspjelde troch boargemaster Francisca Ravestein foar syn frijwillige aktiviteiten yn de fuotbalwrâld.
Sa wie Modderman ûnder oare 25 jier lang aktyf as skiedsrjochter, hold er him dwaande as bestjoerslid en foarsitter fan ferskate skiedsrjochterkommisjes en is er sûnt 2001 skiedsrjochterbegelieder by de UEFA.