Start lesprojekt Sintrale As

© Omrop Fryslân
Op trije basisskoalle is tongersdei it edukaasjeprojekt 'Adoptearje in keunstwurk' fan De Sintrale As begongen. Bern fan de basisskoallen De Wrâldpoarte út Garyp en De Wyngert en de Master de Vriesskoalle út Sumar sille de kommende jierren de bou fan in rotonde, in fiadukt en in akwadukt op 'e foet folgje.
Doel is de learlingen te belûken by de oanlis fan de nije dyk. Tongersdeitemiddei tekenen de bern mei deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Houkje Rypstra in adopsjekontrakt foar ien fan de ynfrastruktuele keunstwurken.
Trije jier lang sille de basisskoallebern sa no en dan op lokaasjebesite gean by harren projekt of krije se in gastles op skoalle oer de bou fan de nije dyk. It projekt is in winsk fan PCBO Tytsjerksteradiel om mear oandacht te jaan oan technyk op de basisskoalle.