Bysûndere foto Mata Hari

28 nov 2013 - 19:44

It Fries Museum hat ôfrûne wike in bysûndere nije foto fan Mata Hari krigen. Op de foto is Mata Hari te sjen yn in wite jurk, en op har holle hat se in grutte wite hoed mei fearren. De foto is troch de dûnseres ûndertekene. De foto liket bot op in oare foto dy't it museum al langer yn besit hat. It museum krige de foto fan frou Smits Assink.

Sy hie de foto fan har man krigen, dy't de plaat wer fan syn heit krigen hie. Dy hie yn 1916 Mata Hari troffen oan de gemeentebaly fan Den Haach.

Amandus Franciscus Theodoor Smits wurke yn dy tiid by de ôfdieling paspoarten fan de gemeente Den Haach. Mata Hari, oftewol Margaretha Zelle, woe dêr in paspoart oanfreegje. Se hie lykwols gjin pasfoto by har en woe in gruttere foto wol ferknippe ta pasfoto. Smits sei doe tsjin Mata Hari dat er dat skande fûn. In pear wike letter kaam de dûnseres om har paspoart op te heljen, se hie doe in geef eksemplaar fan deselde foto by har foar Smits. Se hie it portret ûndertekene mei pearse inket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)