Nije Douwe Tamminga-priis

28 nov 2013 - 19:28

Der komt in nije literêre priis foar debutanten, de Douwe Tammingapriis. Dêrmei moat jongere skriuwers oanmoedige wurde proaza en poëzij yn it Frysk te skriuwen. It soe ek in ympuls foar de ferkeap fan Fryske boeken wêze moatte. De priis is yn it libben roppen troch it FLMD, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, ûnderdiel fan Tresoar. Oare partners binne boekhannel Van der Velde, de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân. Oanlieding is dat de provinsje opholden is mei de Fedde Schurerpriis foar debutanten.

De nije jierlikse priis is neamd nei Douwe Tamminga, de Fryske dichter en proazaskriuwer. It prizejild, 3000 euro, komt út de neilittenskip fan Douwe Tamminga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)