Man oppakt foar groeihormoan

De plysje hat in 69-jierrige eigener fan in dieregenêsmiddelebedriuw oanhâlden op fertinking fan smokkel fan in groeihormoan en bistegenêsmiddels. It Iepenbier Ministearje tinkt dat de man de grûnstoffen ûnder in falske namme ynfierd hat. De man is ferline wike oanhâlden. By it ûndersyk binne trije wenten yn Drachten en in hotelkeamer yn Emmeloard ûndersocht.
Op it lêste plak is de administraasje yn beslach naam. Letter waard ek in oanhingwein mei ferbeane genêsmiddels fûn. De fertochte bliuwt foarearst fêstsitten.