Andriesenpriis: 4 nominaasjes

28 nov 2013 - 15:39
  • Pakhuis Hartelust yn Ljouwert is ien fan de nominearre projekten

Pakhuis Hartelust yn Ljouwert, de Aerdenpleats yn Aldebiltsyl, keunstesintrum Atrium yn Snits en it foarbyldprojekt Van Wijngaardenstrjitte yn Sint Jabik binne dit jier nominearre foar de Anita Andriesen Priis 2013. De priis is bedoeld foar bedriuwen en organisaasjes dy't yn de ôfrûne fiif jier in wichtige bydrage levere hawwe oan it ferbetterjen fan de romtlike kwaliteit yn Fryslân.

It tema fan de priis is dit jier Werstrukturearring en Transformaasje. Moandei wurdt bekend wa't wûn hat.

De fjouwer nominearren moatte op 2 desimber in presintaasje jaan oer harren projekt. Hjirnei sil deputearre Hans Konst de winner bekend meitsje. De winner mei yn 2014 yn gearwurking mei ARK Fryslân en de provinsje in publyksmanifestaasje organisearje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)