Nij asfalt op Fryske autodiken

28 nov 2013 - 14:16
  • Nij asfalt

Rykswettersteat giet takom wike oan de slach mei ûnderhâld fan de A6, A7 en A32 yn Fryslân. De A7 tusken De Like en Drachten krijt yn de nacht fan moandei op tiisdei in nije asfaltlaach. Der is dan mar ien rydstrook rjochting Drachten iepen. Fan tiisdei oant en mei sneon binne de A6 tusken Sint Nyk en Bant en de A32 tusken Ljouwert en It Hearrenfean en It Hearrenfean en Wolvegea oan bar.

Ek dêr wurdt nij asfalt oanbrocht. Dat betsjut alle nachten ferkearshinder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)