Keatsers: Romte foar sponsors

28 nov 2013 - 13:53
  • KNKB

Der moat romte komme foar partoersponsors op de foarkant fan it keatsshirt. Dat seit de Stichting Puur Passie. Dat is it keatsteam dêr't ek it toppartoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger diel fan útmakket. No't der in yn Fryslân Boppe Oranjewâld foar de kommende fjouwer jier in nije haadsponsor fûn is, fynt Puur Passie dat it tiid is om de keatssport in kommersjele ympuls te jaan.

It keatsbûn KNKB fielt neat foar it plan fan Puur Passie. 'Allinnich de haadsponsor komt op it keatsshirt', seit foarsitter Saakstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)