'Tekst-nei-spraak' lansearre

Op it provinsjehûs yn Ljouwert is tongersdei in Frysk tekst-nei-spraak programma lansearre troch deputearre De Vries. It set tekst oer yn sprutsen taal. Sa kinne websides yn it Frysk foarlêzen wurde. It helpmiddel kin brûkt wurden troch minsken mei in fisuele beheining of as se it Frysk lêzen net goed behearskje.
De Nederlânske ferzje bestiet al langer, mar in Fryske net. Der is al mei al twa jier oan wurke. It is makke yn opdracht fan de Afûk en de provinsje Fryslân. De 'tekst-nei-spraak' is ûnder oaren op www.omropfryslan.nl te brûken.
Besikers fan de omrop-webside kinne ûnderoan alle teksten de funksje fine. Sadra't der op de 'play'-knop klikt wurdt, begjint it foarlêzen fan de tekst.