D66 wol net mei PAL GrienLinks

Hilde Tjeerdema (D66) is ek út de skroeven oer de útslach © ANP
D66 yn Ljouwert wol allinnich meidwaan oan in nij kolleezje as PAL GrienLinks der net yn komt. Listlûker Hilde Tjeerdema fan D66 meldt op twitter dat neffens har yn it nije kolleezje fan Ljouwert allinnich kolleezjepartijen sitte moatte dy't by de ferkiezings wûn ha. Dat betsjut dat der útslutend plak is foar PvdA, CDA, en D66.
Ynformateur Jouke de Vries hat yntusken oankundige dat de presintaasje fan de resultaten fan syn wurk, dy't tongersdejtejûn wêze soe, net trochgiet. De ûnderhannelings geane wol troch.
Tongersdeitejûn sille fertsjintwurdigers fan PvdA, CDA, D66 en PAL GrienLinks oanskowe.