Himpplantaazjes yn Boalsert

28 nov 2013 - 10:17

Yn in wenning oan de Mattias Poortvlietloane yn Boalsert hat de plysje woansdei ferskate himpkwekerijen ûntdutsen. Twa manlju, een 50-jierrige man fan Almere en in 47-jierrige man sûnder fêst wenplak, binne oppakt.

De man út Almere hie him ferstoppe ûnder in steapel tekkens yn 'e wenning. Dat holp net, want de plysjehûn koe him samar opspoare. Yn ferskate rûmten waarden kwekerijen fûn. It gie mei-inoar om 830 himpplantsjes.

Trefwurden: 
Boalsert himp himpplantaazje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)