De Kûpe noch fiif jier iepen

Swimbad de Kûpe yn Bûtenpost bliuwt op syn minst noch fiif jier iepen. De stichting 'Behoud de Kûpe' sil op woansdei 4 desimber op it gemeentehûs de krekte plannen foar it swimbad presintearje. Ut namme fan de gemeente sil wethâlder Marten van der Veen it wurd fiere.
De Kûpe waard mei sluting bedrige, mar dat hat de stichting no tegearre mei de gemeente Achtkarspelen tsjinhâlde kinnen.