'Ien behearder foar Waadsee'

28 nov 2013 - 10:08
  • De Waadsee

Der moat ien natoerbehearder komme foar de Waadsee. Dat skriuwt de algemeine rekkenkeamer yn in rapport oer it Waad. Der binne no 13 organisaasjes belutsen by it behear fan de Waadsee. Dat soarget neffens de rekkenkeamer foar in 'ûnoersichtlike tizeboel'. De natoer yn it Waadgebiet is der sûnt de jierren '80 net goed oan ta.

De beskerming is slagge, sa konstatearret de rekkenkeamer, mar it doel om de natoerwearden te werstellen net. Boppedat is der net genôch ynsjoch yn hoe't it mei de natoer op it Waad giet.

De rekkenkeamer komt mei fjouwer opsjes foar hoe't it natoerbehear yn ien hân komme kin. Sa soene bygelyks alle natoerbehearders gearwurkje moatte yn in soarte fan konsortium.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)