Wieling stapt op by H'fean

28 nov 2013 - 09:52

Wiebe Wieling hat fuortendaliks syn funksje fan foarsitter fan it stichtingsbestjoer fan Sportklup Hearrenfean dellein. Oarsaak is in ferskil fan miening oer it te fieren belied, sa lit de klup op syn webside witte.

Wieling wie sûnt septimber foarsitter fan it stichtingsbestjoer. Syn taak wurdt foarearst oernaam troch Anne Hettinga. Dy wie yn it stichtingsbestjoer al ferantwurdlik foar de finânsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)