Ferkrêftingsfertochte sit fêst

28 nov 2013 - 09:34

De man dy't der fan fertocht wurdt dat hy yn 2001 syn styfdochter ferkrêfte hat is arresteard. It famke fan De Westereen waard swier en befoel yn 2002 fan in poppe. De mem fan it famke die oanjefte. De fertochte flechte dêrnei nei Tailân. Misdiedferslachjouwer John van den Heuvel spoarde de man dêr op. DNA-ûndersyk hat útwiisd dat de man yndied de heit is fan de poppe.

Twa wike lyn is hy op Schiphol oanhâlden. De riedkeamer yn Ljouwert hat bepaald dat hy 90 dagen fêstsitte moat.

Nederlân hat gjin útleveringsferdrach mei Tailân. De plysje dêr hat de man oanhâlden as yllegaal. Dêrnei ha de Tailânske autoriteiten besletten de man út te setten nei Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)