Elektryske apparaten ynleverje

Sinteklaas moat net allinnich foar grutte drokte soargje yn de winkels, mar úteinlik ek by de Fryske miljeustrjitten. Offalbedriuw Omrin ropt elkenien op om al it elektryske guod dat nei 5 desimber fuort kin, yn te leverjen. Sa kin it noch brûkt wurde foar recycling.
Wa't bygelyks in nije elektryske toskeboarstel krijt fan Sinteklaas, moat de âlde neffens Omrin net samar yn de grize kontener smite. Wa't syn âlde apparaten ynleveret, makket kâns op bioskoopkaartsjes en in snieballemakker.