Moasje opposysje tsjin Konst

De opposysjepartijen yn Provinsjale Steaten hawwe woansdei unanym in moasje fan wantrouwen yntsjinne tsjin deputearre Konst. De opposysje hat gjin betrouwen mear yn syn funksjonearjen. Om't de koälysjepartijen PvdA, CDA en FNP Konst wol stypjen bliuwe, kin hy dochs oanbliuwe as deputearre.
Sintraal yn it debat stie it optreden fan Konst. Hy soe al foar 19 desimber 2012 op de hichte west wêze dat der in wedstriid komme soe tusken Thialf, Zoetermeer en Almere. Dochs hat er dy ynformaasje net dield en de opposysje rekkenet him dat bot oan.