Dam hâldt op as foarsitter NBK

27 nov 2013 - 19:28

Nei 28 jier leit Durk Dam fan Snits syn foarsitterskip fan de Stifting Nederlânske Brassband Kampioenskippen del. Fan 1 jannewaris ôf sil Dam ferfongen wurde troch Abel Veenstra út Zwolle. Dam krige yn 2005 de Muzyk-Maskelyntrofee fan Omrop Fryslân foar syn bestjoerswurk op it mêd fan de harmony-, fanfare- en brassbandmuzyk.

Hy begong syn muzykkarriêre by 'Blaast de Bazuin' yn Surhústerfean. Dam wie ûnder oare foarsitter fan de Nederlânske Federaasje fan Kristlike Muzykbûnen en it Kristlik bûn foar muzykferienings yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)