DFM krijt waarnimmer fan bûten

De Fryske Marren
De fúzjegemeente De Fryske Marren krijt in waarnimmend boargemaster dy't fan bûten de gemeentegrinzen komt. Dat hat kommissaris fan de Kening John Jorritsma mei de beëage fraksjefoarsitters ôfsprutsen. De tydlike boargemaster hat gjin bining mei ien fan de âlde gemeenten. Dat soarget foar de bêste start foar de nije gemeente, sa fine Jorritsma en de fraksjelieders.
Heal desimber makket Jorritsma bekend wa't de tydlike funksje besette sil. Takom jier wurdt it profyl fan de nije boargemaster opsteld en kin nei kandidaten socht wurde.