Boek oer Feanster topskutters

27 nov 2013 - 16:49
  • Alfreð Finnbogason

De 25 bêste topskutters út de histoarje fan SC Hearrenfean steane no yn it boek 'Hearrenfean yn de oanfal'. Trainer Marco van Basten en topskoarder Alfred Finnbogason namen it woandei yn ûntfangst. It boek portrettearret ûnder oare Abe Lenstra, Ruud van Nistelrooy, Marcus Allbäck, Afonso Alves en de hjoeddeiske topskoarder fan Nederlân Alfred Finnbogason.

Seizoenkaarthâlders kinne sneon by de thúswedstriid tsjin Go Ahead Eagles in fergees eksimplaar fan it boek ophelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)