Nij toanielstik J&M Teaterwurk

J&Mteaterwurk bringt takom teaterseizoen it stik 'It Jubileum'. It is de tredde produksje fan Jan Arendz en Marijke Geertsma. dy't earder by Tryater wurken. Yn 2014 is it 40 jier lyn dat sy de earste stappen op it Fryske beropstoaniel set ha. It stik giet oer it 60-jierrich jubileum fan in akteursechtpear yn Fryslân, oer it libben yn- en bûten de skynwerpers. Jan en Marijke skriuwe it stik sels. De premjêre is op 11 oktober 2014 yn Boazum.