Mounewetter bêste Fryske bad

27 nov 2013 - 13:52
  • swimbad
  • Prizen swimbad Mounewetter

Iepenloftswimbad Mounewetter yn Wytmarsum is útroppen ta Frysk swimbad fan it jier 2013. It swimbad krige de measte stimmen yn Fryslân, mar rêde it net op om bêste swimbad fan it lân te wurden. Dy priis gie nei it Heuveltjesbosbad yn Balkbrug. Mounewetter is ek noch winner yn de kategory kreativiteit en wûn it dêrmei fan de swimbaden fan parken lykas de Huttenheugte en de Eemhof. De ferkiezing hat ek noch in bedrach foar Kika opsmiten, sy krigen in sjek fan 1500 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)