Syktes fia smartphone dokter

27 nov 2013 - 12:48
  • Pipers en telefoans yn sikehûs

De smartphones fan dokters sitte fol baktearjes dy't mooglik gefaarlike syktes oerbringe kinne. Dat docht bliken út in nij literatuerûndersyk. In mearderheid fan de dokters brûkt in telefoan yn de sprekkeamer of oan it bêd. Dit kin wêze om bygelyks gau wat op te sykjen, of om in plaatsje sjen te litten oan de pasjint. Op de telefoan kin lykwols de gefaarlike MRSA of ien fan de Coli-baktearjes sitte. In smartphone desynfektearje kin net en ek folslein net mear tastean yn de sprekkeamer kin eins net. Mooglik biedt in hoeske útkomst.

Yn sikehûzen jilde strange regels om besmettings foar te kommen. Sa mei it personiel dat yn kontakt komt mei pasjinten gjin sieraden drage en moatte se geregeld de hannen waskje. Foar smartphones, pipers en rintelefoans binne net sokke ôfspraken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)