Untsmettingsmiddel net ferbean

Steatssekretaris Sharon Dijksma ferbiedt it brûken fan it ûntsmettingsmiddel metam-natrium foarearst net. De Partij voor de Dieren hie dêr yn de Twadde Keamer om frege. It middel wurdt brûkt troch blombollekwekers en soarge dizze maitiid foar sûnensklachten by ynwenners fan Aldemardum. Minsken hiene lêst fan hûdútslach en de luchtwegen.
Neffens Dijksma moat it ferbieden fan in middel soarchfâldich dien wurde. It middel mei oant ein 2014 brûkt wurde, de steatssekretaris freget de sektor te sykjen nei alternativen foar it bestridingsmiddel.