Begryp foar noed wynmûnepark

27 nov 2013 - 11:55

De direksje fan Windpark Fryslân hat begryp foar de soargen fan stichting Don Quichot. Sy binne bang dat in wynmûnepark yn de Iselmar neidielich is foar útsicht, feilichheid, skipfeart, wettersport en toerisme. Meikoarten komt in miljeu-effektrapportaazje út dy't yngiet op al dizze aspekten. Dêrnei folget noch oerlis mei alle belutsenen, ek mei Don Quichot.

Neffens Windpark Fryslân helpe sy de provinsje om te foldwaan oan de ferplichting om genôch duorsume enerzjy te produsearjen. Dêrby besykje se de oerlêst sa lyts mooglik te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)