Brêge K'tille takom jier klear

De problemen by de brêge fan Koatstertille binne nei alle gedachten ein jannewaris oplost. Dy tasizzing die deputearre Poepjes woansdei yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten. Twa opsjes wurde besjoen en berekkene: it reparearjen fan de beskeadige pylder of it oanlizzen fan in tydlike brêge. It CDA stelde fragen oer de ferkearssitewaasje by de brêge.
Neffens fraksjefoarsitter Henk van der Veen ha in soad lokale ûndernimmers bot lêst fan de stikkene brêge. Deputearre Poepjes seit each te hawwen foar de belangen fan de ûndernimmers.
De provinsje ynformearret ûndernimmers by de brêge de kommende tiid oer hoe't sy skea deklarearje kinne. Mooglik giet der ek in amtner by de ûndernimmers lâns. De brêge rekke ein oktober swier skansearre doe't in skip tsjin in pylder kaam. Swier ferkear kin der no net mear del, dat wurdt omlaat. Dêr ha de lokale ûndernimmers skea fan.