Plan foar eigen fûns foar MKB

De provinsje siket in alternatyf om MKB-bedriuwen yn Fryslân te helpen mei kredytferskaffing, no't in spesjaal fûns yn gearwurking mei de Kredytbank mooglik tsjin Europeeske regels is. Dat sei deputearre Hans Konst woansdei by de gearkomste fan Provinsjale Steaten. Konst wol mei in eigen fûns komme, dat mooglik ûnderbrocht wurde sil by de NOM.
Yn desimber wurdt dúdlik hoe't it komt. Konst seit dat de provinsje gjin advys frege hat fan Brussel.
De manier fan finansiering by it spesjale ûndernimmersfûns soe net akseptabel wêze foar de Kredytbank. Yn de Steaten binne soargen oer in mooglike stridichheid mei Europeeske regels. Dat soe ek foar oare besluten jilde kinne dy't mei Nuon-jild betelle wurde sille. De provinsje hat 20 miljoen euro beskikber steld foar flotte kredytferliening oan Fryske MKB-bedriuwen.