Jeugd net wolkom mear yn soas

27 nov 2013 - 10:48

Jeugdsoas It Honk fan Damwâld slút mei yngong fan it nije jier de doarren foar 16- en 17-jierrigen. Se dogge dit, omdat se net oan de nije hoarekawet foldwaan kinne. Dy wet seit dat gjin drank skonken wurde mei oan jeugd jonger as 18 jier. De doelgroep fan it jeugdhonk is de jeugd fan 16 jier en âlder. It honk draait folslein mei frijwilligers en dêrom doare se net te garandearjen dat dizze groep gjin alkohol krijt. It bestjoer hat dêrom besluten om it honk foar dizze jongeren te sluten.

Jeugdsoas It Honk fan Damwâld is trije jûnen yn de wike iepen, woansdeis, freeds en sneons. Besikers wurdt frege om mei ideeën te kommen oer hoe't minderjierrigen noch by de aktiviteiten fan it Honk belutsen bliuwe kinne.

Trefwurden: 
alkohol Damwâld wet jeugdsoas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)