Bekerwinst ONS en Hark. Boys

27 nov 2013 - 08:06

ONS Boso Snits en Harkemase Boys ha tiisdeitejûn de lêste 32 fan it noardlike bekertoernoai helle. Topklasser ONS wûn op it eigen fjild mei 4-1 fan sneonsearsteklasser Bedum. Rolf Dijk makke foar de Snitsers twa doelpunten. Haadklasser Harkemase Boys wie mei 2-0 te sterk foar twaddeklasser Loppersum. Robin Huisman de Jong en Klaas Schotanus wiene de doelpuntemakkers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)