Sintrum Drachten krijt foarm

It sintrum fan Drachten is hurd oan it feroarjen. Ferline wike binne de grutte lizzers fan de brêge oer de Suderhegewei lein en is der hurd wurke oan de oanlis fan in rioeldûker. Al in goed jier wurdt der ek drok wurke oan de oanlis fan it Drachtsterfeart-projekt.
Foardat der yn 2016 wer boatsjes troch de Drachtsterfeart farre kinne, moat der noch hiel wat wurk fersetten wurde, mar dan wenje de bewenners fan it Moleneind wer oan it wetter, krekt as oant healwei de jierren sechstich.