Trije lintsjes útrikt

26 nov 2013 - 21:49

Trije manlju hawwe tiisdeitejûn in lintsje krigen. Boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen rikte yn Bûtenpost twa kenklike ûnderskiedings út oan brânwachtminsken Hendrik Nicolai (55) en Jakob Wiersma (58). Beiden binne al jierren lid fan de frijwillige brânwacht: Nicolai 28 jier en Wiersma 35 jier. Se namen tiisdei ôfskied.

Yn Haskerdiken krige Jappie Zwart (75) in lintsje fan boargemaster Mary Looman. Zwart set him al hast 50 jier yn as frijwilliger foar sportferiening SIM yn Haskerdiken-Nijbrêge en foar doarpshûs It Deelhûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)