'Reisfergoeding skoalbern'

Skoalbern dy't wenje op Skylge en op de fêste wâl nei skoalle gean, moatte in reisfergoeding krije kinne. Der binne potsjes foar, mar de gemeente Skylge is der net wis fan oft se fan Den Haach it jild foar dizze kategory minsken brûke meie. Dat wurdt no ûndersocht.
It giet om 25 skoalbern, dy't nei Ljouwert of Harns reizgje. Se moatte dus alle dagen op en del. Wethâlder Teun de Jong wol de kosten foar in part fergoedzje omdat it ûnderwiis tagonklik bliuwe moat foar minsken mei in lytse beurs.