Soad stipe-oanfragen toerisme

Toeristyske ûndernimmers yn Fryslân wolle miljoenen ynvestearje yn har bedriuwen. Dat docht bliken út it grutte oantal ûndernimmers dat ynskreaun hat op in provinsjale subsydzjeregeling foar toerisme. Der is in bedrach fan yn totaal 5 miljoen euro beskikber, mar nei in wike lizze der al foar goed 7 miljoen euro oan oanfragen, troch 78 bedriuwen.
De provinsje hat dêrom de regeling sluten. De bedriuwen kinne maksimaal in ton oan subsydzje krije. It giet om ynvestearrings yn de duoruem- en tagonklikheid fan it bedriuw.