Skoalle bout foar Fûgelhelling

26 nov 2013 - 16:48

By de Fûgelhelling yn Oerterp waarden tiisdei ûntwerpen foar nije fûgelkoaien makke troch learlingen fan it Nordwin College út Ljouwert. Se koene sa harren fantasije en praktykkennis kombinearje. Sa is der in plan makke foar in fleankoai foar rôffûgels en foar in rûne koai mei in beam, in wetterfaltsje en in sitmuorre deryn.

De learlingen sille de fûgelferbliuwen ek bouwe. De âlde út 1979 sil sloopt wurde, sadat der romte komt foar nij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)