FNP wol fluch doarpsynternet

Webbrowser © Omrop Fryslân
De FNP tsjinnet woansdei yn de steategearkomste in moasje yn om pleatslike inisjativen foar rap ynternet te stypjen. Neffens de partij kinne koöperaasjes yn doarpen it rappe ynternet hiel goed sels foar harren rekken nimme. De provinsje moat harren stypje, fynt de FNP.
De partij wiist op súksesfolle inisjativen yn Brabân. Troch de winst dy't dêr helle wurdt yn de gruttere plakken, kinne ynwenners fan lytse doarpen ek betelber ynternet krije.