Dellewal-aksje stiet op 80.000

De aksje op Skylge om grûn by Dellewal te keapjen rint goed. De Stichting Baai Dellewal besiket troch oankeap fan de grûn foar te kommen dat it dún beboud wurdt. It publyk kin in sertifikaat keapje om sa sabeare eigener fan in fjouwerkante meter dún te wurden. Yn sân wiken tiid is 80.000 euro tasein. Der is 2 euro miljoen nedich.
De gemeente Skylge soe de grûn omreden fan jildkrapte oerdwaan wolle oan in projektûntwikkelder. Hotelbou op dat plak is troch de gemeenterie ôfwiisd, mar de mooglikheid om dêr filla's te bouwen, stiet noch iepen.