Gjin gebou Molenplein H'fean

26 nov 2013 - 13:33
  • It Molenplein op It Hearrenfean

De bou fan in nij wen- en winkelkompleks op it Molenplein op It Hearrenfean giet definityf net troch. De gemeente stiet ûnder tafersjoch fan de provinsje. Dy jout gjin tastimming foar de ynvestearring.

Hearrenfean sil no neitinke oer nije plannen. Neffens de gemeente moat der in sintrumplan komme mei lokaasjes dêr't supermerken in plak krije kinne. Begjin takom jier wol de gemeente om tafel mei winkellju en ûndernimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)