Ramkreak by jildautomaat

By in ramkreak op de Rabobank oan de Foarstrjitte yn Kollum is moandeitenacht in part fan de ynhâld fan in jildautomaat stellen. De dieders ramden mei in terreinwein in gat yn de muorre. Dêrnei blaasden se de jildautomaat mei in eksplosyf iepen.
De auto wie earder stellen yn Beetstersweach. De dieders hawwe de wein baarnend achterlitten. Se naaiden út yn in oare auto. Dêrby tôgen se in part fan it jild wei. De plysje hat in buertûndersyk holden en nei de dieders socht. Se binne noch net pakt.
De Rabobank dy't troffen is troch de ramkreak soe ferhúzje nei in nij ûnderkommen yn deselde strjitte. Troch de kreak is de ferhuzing no earder as earst it doel wie. Klanten kinne sûnt moandei ek al pinne by it nije bankgebou. De stikkene pinautomaat wurdt net mear ferfongen.