Gjin oerienstimming oer Frysk

25 nov 2013 - 23:09

Se binne der moandeitejûn net útkommen: de foar- en tsjinstanners fan in nije Fryske stavering. Der is wol oer praat, mar ta oerienstimming kaam it net. Oan in oar, en mooglik folle heikeler punt, binne de saakkundigen hielendal net takommen. Dat oare punt giet oer de saneamde standarisearring fan it Frysk: hokker wurd krijt de offisjele foarkar. Taalkundige Piter Breuker is tsjinstanner fan sa'n standarisearring. It komt neffens him suver nea foar dat in oerheid sa'n taalstandert ynfiert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)