"Grûnpriis moat leger"

De grûnpriis fan kavels op it yndustryterrein by Sint Nyk moat omleech. Dat fine de ûndernimmers en dy wurde dêryn stipe troch doarpsbelang. Der is in brief nei de gemeente stjoerd en kommende woansdei sil de gemeenteried oer de saak te set.
Yn Sint Nyk moat trochinoar 15 euro de meter grûn mear betelle wurde as yn omlizzende plakken lykas De Jouwer. Dat komt omdat de gemeente, neffens ûndernimmer Jeroen van Deynen, flaters makke hat by it oankeapjen fan de grûn.