Fiifde winst Jong Hearrenfean

25 nov 2013 - 21:03

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn yn Sittard de fiifde oerwinning fan it seizoen helle. Jong Fortuna Sittard waard mei 3-1 ferslein. Yn de fjirde minút sette Yanic Wildschut nei in yndividuele aksje de Feanster formaasje fan trainer Marco Roelofsen op foarsprong. Zlatko Zejnilovic makke yn de 53e minút de lykmakker. Jukka Raitala mei in moaie folly yn de 55e en Daniel Geissler yn de 84e minút tekenen foar de fertsjinne winst yn in net al te bêste wedstriid. Jong Hearrenfean hat no 17 punten út 9 wedstriden, goed foar it fjirde plak.

Jong FC Grins is koprinner mei 19 út 9 en is takom wike moandei de tsjinstanner op sportpark Skoatterwâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)