Drankpakken apart ynsammelje

Yn Nij Beets binne moandeitemoarn hûnderten molkpakken apart ynsammele. De aksje fan ôffalferwurker Omrin is ûnderdiel fan in lanlik ûndersyk nei it skieden fan hieltyd mear ferskillende soarten ôffal. Nei in proef yn Ljouwert wurdt no op gruttere skaal sjoen oft it wurket om pakken dêr't drinken yn sitten hat, fan hús út apart oan te bieden, skieden fan it oare ôffal. Nij Beets en Donkerbroek wiene moandei oan bar.
Yn jannewaris wurde de resultaten bekend fan de gruttere ynsammeling. De lege drankpakken wurde yn Dútslân ta pulp ferwurke.