Cambuur-Ajax gau útferkocht

Cambuurstadion © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
De kaarten foar de wedstriid Cambuur-Ajax wiene moandei yn oardel oere tiid útferkocht. De wedstriid yn Ljouwert stiet op it programma foar snein 15 desimber. Hy sil om 12.30 oere begjinne.
Beide ploegen kamen yn it seizoen 1999-2000 foar it lêst tsjininoar yn aksje. Doe wûnen de Amsterdammers mei 3-0.